Bedriuweterrein Heech beloftefol

© Omrop Fryslân
It nije bedriuweterrein de Skou yn Heech sil op termyn fan in pear jier wurk biede oan trijhûndert minsken. Dat ferwachtsje de inisjatyfnimmers. De Skou is ûntwikkele troch grûnbedriuw Attema en in tal oare wettersportûndernimmers út Heech.
Op it tritich bunder grutte bedriuweterrein festigje har boatsjebouwers en oare wettersportbedriuwen. Freed wurdt it nije farwetter dat groeven is, iepene.