Mear tafersjoch yn Boalsert

04 apr 2006 - 10:21

Der komt ekstra plysjetafersjoch op it útgeanspublyk yn Boalsert. Dat docht bliken út it nije horekakonvenant dat moandei ûndertekene is op it stedhûs fan Boalsert.

Dielnimmers oan it konvenant binne horeka, gemeente, plysje en Iepenbier Ministearje. De measte ôfspraken yn it konvenant binne net echt nij, mar de ekstra ynset fan de plysje wol. Dy is no alle sneontejûnen op stjitte te finen om tafersjoch te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)