Argeologyske fynst by N31

© Omrop Fryslân
Argeologen ha resten fûn fan in midsieuske delsetting oan de Kimswerderleane. De argeologen dogge ûndersyk by de N31 tusken Surch en Harns, dêr't in stik dyk ferdûbele wurdt. Se ha ûnder mear in kûgelpot fûn út de 13e ieu.
De delsetting wurdt noch fierder ûndersocht, sa is besletten nei oerlis mei de Rykstsjinst foar âldheidkundich boaiemûndersyk. De ferdûbeling fan de dyk rint gjin fertraging op.