Gjin 'alarm' yn helte Fryslân

03 apr 2006 - 17:32

Yn de helte fan Fryslân hat moandei om tolve oere gjin testalarm te hearren west. Neffens de brânwacht wie der in technyske steuring. Dy steuring wie yn it noarden fan Fryslân, yn fyftjin gemeenten.

Gewoanlik binne de sirenes altyd te hearren op de earste moandei fan de moanne. Yntusken hat de brânwacht in saneamd 'stil' alarm jûn. Dêrút docht bliken dat it systeem no wer goed funksjonearret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)