Alde fergunnings op Flylân

03 apr 2006 - 16:35

In grut part fan de miljeufergunnings op Flylân is ferâldere. Boppedat wurde miljeumeldingen net goed ôfhannele en wurde miljeusaken net goed kontrolearre op lokaasje. Dat skriuwt de ynspeksje fan it ministearje fan VROM.

De ynspeksje hat ûndersocht hoe't de gemeente Flylân de taken op it gebiet fan romtlike oardening en miljeu útfiert. Wat romtlike oardening oanbelanget krijt de gemeente in foldwaande; op miljeugebiet net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)