"Tradisjoneel spoar nei Westen"

03 apr 2006 - 16:35

De Suderseespoarline moat as in tradisjoneel spoar oanlein wurde, mei dêrop in hege snelheidstrein. Dat is neffens deputearre Baas de meast realistyske opsje foar in flugge ferbining tusken it Noarden en Westen.

De sweeftrein makket sa goed as gjin kâns mear. It noarden giet tongersdei om tafel mei it ryk om te praten oer it Suderseespoar. De Fryske Steaten ha altiten sein allinich mei te beteljen oan in sweeftrein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)