Gjin auto's op Hylper kade

© Omrop Fryslân
De Havenkade yn Hylpen wurdt autofrij makke en de patatweinen moatte fuort. Op it plak fan de parkearromte komt in poadium foar rekreative aktiviteiten. Ek wurde de strjitferljochting en de bankjes yn âlde styl werombrocht en komt de ôffalopslach ûnder de grûn. De haven wurdt op it stuit restaureard, mar oer de ynfolling fan de kade wie earder noch gjin beslút nommen. De werynrjochting moat ien juny klear wêze.