Man oanholden fanwege wapenbesit

03 apr 2006 - 10:47

In man fan tweintich út Drachten is sneintejûn oanhâlden om't er wapens by him hie. De man ride yn in auto op de Oerterpsterfallaat yn syn wenplak.

De plysje kontrolearre de man en ûntduts dat der in buske pepperspray yn de auto lei. Ek waard der in flindermes fûn yn de auto. De wapens binne yn beslach nommen en de bestjoerder is oerbrocht nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)