Grutte brân by Smeding Sint Anne

03 apr 2006 - 09:56

Der hat sneontenacht brân west by Smeding yn Sint Anne. De brân begûn yn in frachtwein dy't by de gruthannel yn griente en fruit stie. Foarbygongers ûntdutsen de brân en bellen de brânwacht, mar it fjoer wie al oerslein nei in oare frachtauto en in loads. In grut part fan de loads fan 7000 kante meter stie yn de brân. Yn de loads siet griente en fruit. Troch de brân krije sa'n 300 supermerken yn Nederlân moandei gjin griente en fruit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)