Man (40) ferwûne by motorûngelok

03 apr 2006 - 09:56

In 40-jierrige man út Heech is sneontemoarn ferwûne rekke doe't er kaam te fallen op de Rykswei A7. De man ried fan Snits nei It Hearrenfean doe't ien fan de eftertsjillen ûnder de motor weibruts. Dêrtroch gie er ûnderút.

De motor skode noch sa'n 50 meter troch. Mei tank oan in goed beskermend motorpak, wanten en helm rekke de man net swier ferwûne. Hy is mei pynlike plakken en skaafwûnen oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)