Snits spilet lyk tsjin Germania

03 apr 2006 - 06:15

Snits hat minne saken dien troch mar ien punt oer te hâlden yn it duel tsjin Germania. Yn Groesbeek waard it 3-3. Germania hat dizze kompetysje noch mar fjouwer punten helle en stiet dêrmei lêste.

Snits kaam mei 1-0 efter, wêrnei't Klaas Schotanus en Wybren Visser foar 1-2 soargen. Flak foar tiid wie it noch 3-2, mar Dennis Schat makke de lykmakker. Be Quick is Snits no foarby gongen, wêrtroch't Snits no fyfde is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)