Burgumer oanhâlden foar ynbraak

02 apr 2006 - 15:11

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn Wergea in 24-jierrige man út Burgum oanhâlden fanwege in ynbraak. De man besocht mei in pear oaren in rút fan in winkel oan de Ljouwerterdyk yn te slaan mei in pear bakstiennen.

De ynbraak slagge úteinlik net, mar der ûntstie wol in soad skea. Tsjûgen hearden de klappen en seagen in pear minsken fuortriden. De Burgumer koe letter yn syn wente oanhâlden wurde. De plysje siket noch nei de oare dieders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)