Byld Hotze Schuil liket goed

© Omrop Fryslân
Keunstner Hans Jouta wurket op it stuit yn Ferwert oan in byld fan de ferline jier ferstoarne keatsleginde Hotze Schuil. Sneon koene de dochters oanjaan oft der noch wat feroare wurde moat. Har reaksje wie dat it byld hiel goed liket.
De beide dochters wienen emosjonearre by it sjen fan it byld fan har heit. It byld is op it stuit noch yn waaks en hat noch in hiel trajekt te gean foar de ûntbleating yn july yn Harns.