Enkête oer Tematydskriften

© Omrop Fryslân
De provinsje hâldt in enkête oer de tematydskriften Bern, Boek, Skoalle en Fuort. Dy ferskine sûnt 2002 fjouwer kear yn it jier en kinne fergees meinommen wurde. De Afûk makket de tydskriften mei jild fan de provinsje mei as doel it draachflak foar de Fryske taal te ferbreedzjen.
De enkête fan no is bedoeld foar fersprieders fan de tematydskriften. De enkête is ûnderdiel fan in grutter provinsjaal ûnderysk nei Fryske blêden.