Ungelok yn Easterwierrum

© Omrop Fryslân
Twa minsken binne ôfrûne nacht ferwûne rekke by in ûngelok yn Easterwierrum. In 19-jierrige ynwenner fan de gemeente Littenseradiel ried oer de Hegedyk en rekke mei syn auto yn de sleat. Hy kaam op de kop ta stilstân.
De bestjoerder en in ynsittende hiene ferskate ferwûnings. De bestjoerder wie nei it ûngelok útnaaid. De plysje seach him eefkes letter rinnen. It die bliken dat de man te folle dronken hie en gjin jildich rydbewiis hie.