Grutte ynbraak yn Easterwâlde

01 apr 2006 - 16:02

By in grutte ynbraak yn in bedriuwsgebou oan de Zoltstede yn Easterwâlde is freedtemoarn betiid foar tsientûzenen euro's oan guod stellen. De dieven namen in grut tal ôfwaskmasines, keramyske kookplaten, ovens en oare ynbou-apparatuer mei.

De plysje tinkt dat de dieven in frachtauto of in grutte oanhingwein brûkt ha by de ynbraak. Nei alle gedachten ha se dy yn it gebou riden. De technysk resjerzje docht ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)