'Kafeebaas bewust deastutsen'

01 apr 2006 - 14:12

De stekpartij wêrby't de baas fan kafee Nijlân yn Ljouwert om it libben kaam, wie gjin ûngelok. Dat sei de man dy't stutsen hat freed by it heger berop. Kafeebaas De Jong waard jannewaris 2005 deastutsen, doe't twa manlju en in jonge syn kafee oerfoelen. Troch de rjochtbank waarden se feroardiele ta 16, 14 en 2 jier sel.

De haadfertochte gie yn berop om syn ferhaal te dwaan. De man sei earder dat de stekpartij in ûngelok wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)