Trije kandidaten wethâlder B'him

01 apr 2006 - 14:09

De gemeente Boarnsterhim hat trije nije kandidaten foar de post fan wethâlder. It giet om Anne Jochum de Vries, Daan van der Meulen (beide CDA) en Mieke Minkes fan de PvdA. De foardracht is freed rûn kommen.

De gemeenteried moat noch wol oer it nije kolleezje beslute. As alles trochgiet, kinne de nije wethâlders op 11 april los. Begjin nije wike wurdt de ferdieling fan de portefeuilles bepraat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)