Doting earste út wethâlderspool

01 apr 2006 - 12:10

Franke Doting (39) fan Hijum wurdt de earste wethâlder út de wethâlderspool fan it Ljouwerter organisaasjeburo fan Anton de Boer. Doting waard freed presintearre as nije VVD-wethâlder yn Littenseradiel. Hy is no noch riedslid yn Ljouwerteradiel.

It organisaasjeburo fan Anton de Boer hie mei-inoar 75 oanmeldings fan kandidaat-wethâlders krigen. Mei oare gemeenten wurdt ek ûnderhannele, seit De Boer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)