Cambuur spilet spektakulêr gelyk

01 apr 2006 - 00:00

Cambuur hat freedtejûn yn de útwedstriid tsjin Eindhoven mei 3-3 lyk spile. Beide ploegen spylje nergens mear foar, mar dochs wie it in spektakulêr duel. Cambuur kaam twa kear op in foarsprong. Van der Weij en Piqué makken 0-1 en 2-3. Mulder makke de 2-2. Foar Eindhoven skoarden Stojanowic, Barakat en Tim Jansen.

Cambuur stiet noch hieltyd fyftjinde mei 47 punten út 37 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)