Bruin giet fierder by Telstar

© Omrop Fryslân
Ald Cambuur-spiler Jan Bruin giet noch in jier fierder by Stormvogels/Telstar. De ploech út Velsen hie Bruin earder al in kontrakt oanbean en dêr giet de 37-jierrige Amelanner no op ien. Bruin skoarde dit seizoen yn 30 wedstriden 14 kear.
Earder spile de ynwenner fan Tsjom by Volendam, Zwolle en tsien seizoenen foar Cambuur. Bruin bliuwt wol jeugdtrainer by Cambuur.