Hearrenfean hellet nije spits

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean hat de spits Rob Friend oernommmen fan de Noarske klub Molde FK. De 25-jierrige Kanadees spilet sûnt 2003 yn Noarwegen. Mei Molde waard hy it ôfrûne seizoen tolfde. Friend is ek ynternasjonal foar Kanada en hat in kontrakt tekene dat him oant 2010 oan de klub bynt.
Ek de 19-jierrige Kanadees Will Johnson spilet takom jier by Hearrenfean. Johnson rûn staazje by Hearrenfean en hat in kontrakt foar ien jier tekene.