Tsjerke:himmeljen net betelje

31 mrt 2006 - 17:00

De Herfoarme Tsjerke yn Kollumersweach moat in stik lân mei asbest skjinmeitsje. Dat wol de gemeente Kollumerlân. It asbest komt nei alle gedachten út in sleat njonken it stik greide. Dêr is it yllegaal ynsmiten. By it hekkeljen fan de sleat is it asbest wer op it lân kommen.

De gemeente wol dat de tjerke it skjinmeitsjen sels betellet. De tsjerke seit dat dy der neat mei te krijen hat en wegeret om ta de bûse te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)