Gjin fakânsjepark op Poelpleats

© Omrop Fryslân
Der komt mooglik gjin rekreaasjesintrum op it terrein de Poelpleats yn Kollum. Sûnt de sluting fan it AZC yn 2003 stiet it al leech. In ynvestearder woe dêr in fakânsjepark oanlizze. It kolleezje fan B&W fan Kollumerlân stiet net efter de plannen. Mei 500 plakken foar karavans, tinten en fakânsjehúskes wurdt it neffens b en w fierstente grut. It gemeentebestjoer is benaud dat it park in te grutte konkurrint wurdt foar oare kampings.