Kolleezje Dongeradiel hast rûn

31 mrt 2006 - 15:36

It kolleezje fan b en w fan Dongeradiel is sa goed as klear. CDA, Pvda en FNP leverje elk in wethâlder. De kandidaten binne Jacob Appelhof (CDA), Rudolf Boersma (PvdA) en Tytsy Willemsma (FNP). De partijen moatte de portefeuilles noch wol ferdiele.

Der komt no in ein oan de kristlike mearderheid yn it kolleezje. It CDA levere foarhinne altyd twa wethâlders en ek de ChristenUnie hie de lêste acht jier in sit yn it kolleezje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)