Aris ferrast tsjin Astronauts

© Omrop Fryslân
Basketbalklub Aris hat tongersdei foar in ferassing soarge troch te winnen fan de Demon Astronauts mei 76-73. De klub út Amsterdam stiet op dit stuit op it twadde plak, wylst de Ljouwerters lêste steane en al kânsleas binne foar it heljen fan de play-offs.
Nei it earste en twadde kwart hie Aris in foarsprong fan 11 en 22 punten. Foaral yn it lêste kwart kaam Amsterdam goed werom, mar de Aris pakte dochs de winst.