ICT-pakket kostet bank jild

31 mrt 2006 - 12:11

In nij automatisearringssysteem fan De Friesland Bank is folle minder goed te brûken as earst tocht waard. It systeem hat de bank hast 17 miljoen euro koste.

It ICT-pakket mei de namme Globus soe ferline jier ynfierd wurde, mar dêr seach de bank fan ôf. No wurdt it aanst yn in folle beheinder part fan it bedriuw brûkt as de bedoeling wie. It jild is al útjûn en wurdt no ferrekkene mei de resultaten fan de bank oer 2005.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)