NOM-direkteur hâldt dit jier op

31 mrt 2006 - 11:57

Frits Migchelbrink hâldt noch dit jier op as direkteur fan de NOM, de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij. Dat hat de ried fan kommissarissen fan de maatskippij besletten yn oerlis mei de direkteur.

De NOM sil sa gau mooglik op syk nei in ferfanger. Oant dy tiid bliuwt Migchelbrink oan as direkteur. Dêrnei giet er noch eefkes troch as adviseur. Migchelbrink hat al mei al tolve jier de heechste post by de NOM hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)