Littenseradiel poolt wethâlder

© Omrop Fryslân
De VVD Littenseradiel is de earste partij yn Nederlân dy't in wethâlderspool brûkt om oan in nije wethâlder te kommen. De nije bestjoerder komt út it bestân fan it Ljouwerter organisaasjeburo Anton de Boer.
Troch it duale stelsel is it mooglik wurden om minsken fan bûten de ried foar in wethâlderspost te beneamen. Wa't de nije wethâlder is, wurdt freedtemiddei bekind makke.