Fisker beboete troch streupteam

31 mrt 2006 - 09:45

It fiskstreuperijteam Fryslân hat tongersdeitemoarn op de Sleattemermar in beropsfisker beboete foar it fiskjen op snoekbears. De fisker mocht mei syn fergunning allinnich op iel fiskje.

Mei-inoar is 27 kilo snoekbears yn beslach nommen. Dêrneist binne ek 60 aaldobbers yn beslach nommen, dy't de fisker brûkte foar it fiskjen op de snoekbears. De fisk hie in wearde tusken de 200 en 250 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)