Mercator-projekt Akademy bedrige

© Omrop Fryslân
It Mercator-projekt fan 'e Fryske Akademy wurdt yn it fuortbestean bedrige. Mei yngong fan 2007 is der gjin apart Europeesk jild mear foar minderheidstalen. Mercator wurdt no noch út dy pot betelle.
It Mercatorprojekt fan 'e Akademy sammelet ynformaasje oer ûnderwiis yn alle Europeeske minderheidstalen. Ek is der in Europeesk netwurk opboud fan 58 twatalige basisskoallen. By Mercator yn Ljouwert wurkje no noch acht minsken.