Fersmoarge bagger út de Ie helle

30 mrt 2006 - 17:40

Der is 9000 kub fersmoarge bagger út de Dokkumer Ie helle tusken Ljouwert en Dokkum. Yn ferbân mei de start fan it rekreaasjeseizoen is besletten om de rêst fan de bagger yn de hjerst fuort te heljen.

Dy bagger dy't noch fuort helle wurde moat, is noch slimmer fersmoarge as dat wat der no úthelle is. Dat is nochris goed 4000 kub. It kostet de provinsje 300 tûzen euro om de fersmoarge bagger te ferwiderjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)