1e ljipaai Ljouwerteradiel

30 mrt 2006 - 17:35

Aizo Elgersma fan Stiens hat tongersdeitemoarn tsjin acht oere it earste ljipaai fûn fan de gemeente Ljouwerteradiel. It aai is fûn yn it lân fan it Stienser Aldlân by de Trijehoeksdyk.

It is foar de sechde kear dat Elgersma it earste aai yn syn gemeente fynt. Elgersma hat it aai oanbean oan boargemaster Ter Keurs, dy't tafallich tongersdei syn jierdei fiert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)