1e ljipaai fan it Bildt

© Omrop Fryslân
It earste ljipaai fan it Bildt is fûn. De finer is Durk Fopma fan Bitgum. Fopma hat it aai tongersdeitemiddei om likernôch trije oer fûn oan de súdkant fan Sint Anne. It aai is ek al lottere en yn ûntfangst naam troch boargemaster fan der Werf.
Fopma hat noch net earder in earste aai fûn. Twa jier lyn foel in neef fan him al wolris yn de prizen. Moarn is de lêste dei dat der ljipaaien socht wurde meie.