Frysk programma bûten Fryslân

30 mrt 2006 - 14:14

Yn april sil yn acht bibleteken bûten Fryslân in Frysktalich programma opfierd wurde nei oanlieding fan it ferskinen fan in nij oersjoch fan de Fryske literatuerskiednis: Zolang de wind van de wolken waait. Doel is om it publyk bûten Fryslân yn 'e kunde komme te litten mei de Fryske literatuer.

By de optredens sille skriuwers en dichters út eigen wurk foardrage en wurdt muzyk makke. De oanwêzigen krije in oersetting fan de teksten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)