Tafersjoch op Cambuursupporters

30 mrt 2006 - 13:33

De plysje yn Ljouwert hâldt ekstra tafersjoch bûten it Cambuurstadion op in hurde kearn fan Cambuursupporters. It giet om minsken dy't neffens de plysje mei regelmaat foar oerlêst soargje.

In nije fiergeande oanpak moat foarkomme dat it nochris mis giet. Eltse wike hâldt de plysje twa fan dizze Cambuur-supporters ekstra yn de gaten en at se de wet oertrede, wurde se gelyk oanpakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)