WK-fuotbalflaggen populêr

30 mrt 2006 - 09:04

It kommende WK-fuotbal yn Dútslân smyt in protte wurk op foar de Dokkumer Flaggen Sintrale. De meiwurkers wurkje op dit stuit oan goed 600.000 flaggen foar it fuotbalspektakel.

Grutste klapper is in lanlike sportketen. Dy hat 450.000 oranje flaggen besteld om fuort te jaan by de ferkeap fan bepaalde fuotbalklean. Ek de Nederlânske flagge is populêrder as ea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)