Wer trije earste ljipaaien fûn

© Omrop Fryslân
Yn Dongeradiel is woansdeitemoarn it earste ljipaai fan dy gemeente fûn troch de 42-jierrige Tom Feddema út Raard. Feddema fûn it aaike tusken Raard en Lichtaard by de hegebrêge. Earder op dei waard yn Littenseradiel en de gemeente Harns in earste aai fûn.
Fan de 31 gemeenten yn Fryslân binne no noch trije dêr't gjin earste ljipaai fûn is. Dat binne Ljouwerteradiel, Eaststellingwerf en Flylân. Der mei noch socht wurde oant en mei freed.