Marcel Seip ferlit Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Marcel Seip giet oan de ein fan dit seizoen fuort by de Sportklub Hearrenfean. Syn kontrakt rint dan ôf en wurdt net ferlingd. Ek Jos Hooiveld, Sven Taberima en Lasse Schöne moatte omsjen nei in oare klub. Hooiveld waard dit seizoen ferhierd oan FC Zwolle, mar Hearrenfean wol no net mei him fierder.
Sven Taberima is op dit stuit efter Vandenbussche, Waterman en Moeliker de fjirde keeper. Taberima en Hooiveld hawwe noch gjin nije klub.