Lasse Schöne nei De Graafschap

© Omrop Fryslân
Hearrenfeanspiler Lasse Schöne spilet folgjend seizoen by De Graafschap. De 19-jierrige middenfjilder makket oan de ein fan dit seizoen de oerstap nei de klub út Doetinchem. Dêr komt de Deen syn âld-trainer Jan de Jonge tsjin, dy't ferline jier noch de assistint wie fan haadtrainer Gertjan Verbeek.
Schöne spile gjin offisjele wedstriden foar it earste alvetal fan Hearrenfean. Hy spile foaral foar Jong Hearrenfean.