Van den Berg skoart foar Oranje

29 mrt 2006 - 13:57

Hearrenfeanspiler Vincent van den Berg hat tiisdeitejûn skoard foar it Nederlâns alvetal ûnder de 17 jier. Oranje wûn mei 3-1 fan Noard-Ierlân. Nettsjinsteande Van den Berg syn goal is Oranje dochs útskeakele yn de striid om in plak op it Europeesk Kampioenskip yn Luxemburg.

Nêst Van den Berg hie ek Arjen Bergsma in plak yn de seleksje, mar hy krige fierder gjin spylminuten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)