Lichem Poalse matroas fûn

© Omrop Fryslân
De wetterplysje fan Snits hat tiisdei it stoflik omskot fûn fan in Poalse matroas dy't sûnt moandei fermist waard. De 58-jierrige man wie yn it wykein allinne oan board fan in binnenfeartskip dat by De Lemmer lei.
Doe't de skipper moandei wer oan board kaam, wie de Poal fuort. Omdat alle guod fan de man der noch lei, sloech de skipper alarm. De wetterplysje waard ynskeakele en dy fûn it lichem fan de man tiisdeitejûn.