Aaisykjen Noard-Brabân ferbean

© Omrop Fryslân
Yn Noard-Brabân bliuwt it ferbean om ljipaaien út it fjild mei te nimmen. Dat stiet yn in nije maatregel fan de provinsje. De feriening fan greidefûgelbeskermers Vanellus Vanellus hat it ferbod earder oanfochten, mar de rjochter joech de provinsje gelyk.
Neffens it bestjoer yn Noard-Brabân is it ljipaaisykjen skealik foar de stân fan de ljip. De greidefûgelbeskermers binne it dêr net mei iens.