'Heak oanslute op besteande dyk'

29 mrt 2006 - 10:32

De Heak om Ljouwert moat goed oanslute by de al besteande diken en fytspaden. Dat is it belangrykste punt dat nei foaren kommen is by de ynsprekjûnen foar omwenjenners yn it gebiet.

De provinsje en de gemeenten Ljouwert, Menameradiel en Littenseradiel sille oan de minister freegje rekken te hâlden mei de al besteande ynfrastruktuer. De kolleezjes hâlde fêst oan it saneamde Middenalternatyf- East-trajekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)