Dyk ôfsletten fanwege poddetrek

© Omrop Fryslân
De Bieruma Oostingwei by Oranjewâld is jûns ôfsluten foar it ferkear yn ferbân mei de poddetrek. Ferline jier waarden der 500 podden deariden op de dyk. De dyk wurdt dêrom tydlik ôfsluten fan sân oere jûns oant sân oere moarns.
No't de temperatuer wat omheech giet, komme de podden út har winterferbliuw tefoarskyn. Se geane massaal op paad nei it wetter. De gemeente Hearrenfean besiket troch de dyk ôf te sluten foar te kommen dat de podden deariden wurde.