Houwing en Van Rijswijk fuort

© Omrop Fryslân
Thijs_Houwing, René_van_Rijswijk en Ronny_Vennema sille Cambuur oan ´e ein fan it seizoen ferlitte. Ek foar Melvin_Holwijn en Martijn_Rosenburg wurdt ûntslach oanfrege. Allinnich as se akkoart gean mei in leger salaris meie se bliuwe.
Moandei waard al bekend dat Picqué, Zimmerman en Bronckhorst gjin nij kontrakt krije. Cambuur is noch yn ûnderhanneling mei Koen Brack en keeper Peter_van_der_Vlag.