Fryske dûmnys yn preekwedstriid

28 mrt 2006 - 22:29

Twa fan 'e fiif finalisten yn de preekwedstriid fan de NCRV en deiblêd Trouw komme út Fryslân. It giet om dûmny Van den Herik fan Drachten en om dûmny Ypma fan Midslân op Skylge. Alle dielnimmers oan de finale binne profesjoneel predikant yn in protestânske tsjerke.

De fiif finalisten sille it op 13 maaie tsjin inoar opnimme yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam mei in nije preek oer it tema 'Ik en de anderen'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)