Wer trije earste ljipaaien derby

© Omrop Fryslân
Yn de gemeenten Frjentsjerteradiel, Snits en Ferwerderadiel binne tiisdei de earste ljipaaien fûn. Yn Snits fûn Boersma it aaike in greide by de Oerdyk. Yn Frjentsjerteradiel gie de eare nei Tolsma (30) út Frjentsjer. Hy fûn it aai tusken it Hitzumer Binnenpaad en it spoar.
Yn Ferwerderadiel fûn Renze Kingma(62) út Burdaard it earste aai. It lei yn de Lege Mêden ûnder Wânswert. Yn 22 fan 'e 31 Fryske gemeenten is it aai no fûn.