Fiskmerk op ôfslach Lauwerseach

28 mrt 2006 - 17:40

De ôfslach op Lauwerseach set dizze simmer út ein mei in echte fiskmerk. Besikers kinne dêr in farsk fiskje keapje. By 't simmer komme benammen minsken út de regio nei de ôfslach.

De merk is ûnderdiel fan in plan om as fiskôfslach de toerist mear te bieden. Sa hawwe der al proeven west mei ekskurzjes, ûntfangst fan bedriuwen op de ôfslach en foarljochting oan basisskoallen. De fiskmerk giet op 15 july iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)