Lykspul jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean koe moandeitejûn op Sportpark Skoatterwâld yn in minne wedstriid net winne fan jong Willem II. It waard 1-1. Yn de 35ste minút sette Patrick Hoep de Feansters op in 1-0 foarsprong. Trije minuten foar it skoft skeat Ryan Holman in frije traap achter Hearrenfean-keeper Kevin Moeiliker. Jong Hearrenfean stiet no op in fjirde plak yn'e beloftekompetysje mei 35 punten út 21 wedstriden. Jong AZ bliuwt koprinner mei 46 út 22.